Plysjeman op motor ûnderút

In plysjeman op de motor is tiisdei fan achteren op in auto botst op de Suderhegewei yn Drachten. De plysje wie ûnderweis nei de A7, dêr't immen net goed wurden wie. Hy hie sirene en swaailjocht oan.
Op de Suderhegewei soe de plysje de auto fan in frou út Drachten ynhelje. De frou woe krekt fan rydstrook ruilje mar skrok fan de motor. Se makke in stjoerkorreksje, wêrtroch de plysje tsjin de auto oan fleach.