Loftmacht oefenet wer

02 okt 2007 - 10:53

De keninklike loftmacht is tiisdei útsein set mei it ferfolch fan de oefening Basic Windmill. By dy oefening wurdt mei militêre jachtfleantugen flein boppe de Marnewaard. Fan de grûn ôf jouwe militêren oanwizings oan de piloaten oer de doelen dy't se oanfalle moatte.

De oefening duorret oant en mei kommende freed. Ek op oare mominten yn it jier wurdt de oefening Basic Windmill útfierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)