Earste winst jong Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn de earste oerwinning fan it seizoen helle. Tsjin Jong NAC Breda waard it op Sportpark Skoatterwâld 3-1. Arnor Smárason makke nei in kertier spyljen de 1-0.
Yn de twadde helte waard it 2-0 troch Mark Bloemendaal. In strafskop fan NAC-spiler Tim Gilissen brocht de spanning werom, mar daliks dêrnei skeat Donovan Deekman nei in prachtige oanfal de 3-1 tsjin de touwen.