Skoaldirekteur net skorst

01 okt 2007 - 16:55

It ynterimbestjoer fan de kristlik nasjonale basisskoalle yn Wâlterswâld mei de direkteur net skorse. Dat hat de Ljouwerter rjochtbank moandei bepaald. De skoalle woe de direkteur skorse om't er te min liedingjaande kwaliteiten hawwe soe en mei in soad minsken yn konflikt wêze soe.

De rjochter oardielt lykwols dat de skorsing net foldwaande ûnderboud is en dat de direkteur net genôch kânsen krigen hat om him te ferbetterjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)