Nordic Walking tour op Skylge

De finisje fan de Fjoertoertocht is fansels by De Brandaris.
Yn april 2008 sil op Skylge foar it earst in grut kuier- en Nordic Walking evenemint holden wurde. De Fjoertoer tocht moat in plak krije tusken de Berenloop maraton en it Oerol festival en giet oer 21 of 42 km. De tocht wurdt foar in grut part op jûn en by nacht rûn. De finisj is by De Brandaris.
De ynskriuwing begjint op 20 oktober en de organisaasje hopet it earste jier op sa'n 1000 dielnimmers.