H'fean stekt jild yn skoallen

It Hearrenfean wol ynvestearje yn skoallen, mfc's, diken en grien
De gemeente It Hearrenfean wol de kommende jierren flink ynvestearje yn de bou fan nije skoallen en multifunksjonele akkommodaasjes. Hjir stelt it gemeentebestjoer nochris 1,6 miljoen ekstra foar beskikber. Dat waard moandei sein by de presintaasje fan de mearjierrebegrutting.
Der komt ek jild foar it ûnderhâld fan diken en grien en sille de kaden by de Hearesleat en de Lindegrêft opknapt wurde.