Ien loket foar wurksykjenden

01 okt 2007 - 11:38

Wurkleazen yn Ljouwert kinne aanst terjochte by ien loket foar it sykjen nei wurk en it regeljen fan in útkearing. De gemeente docht nammentlik mei oan in proefprojekt om ynstânsjes lykas it CWI en it UWV by ien baly ûnder te bringen om minsken sa gau mooglik wer oan it wurk te helpen.

It projekt sil miskien starte yn de wyk Skieringen-Heechterp omdat dêr relatyf in soad wurkleazen wenje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)