Bestjoerders rydbewiis kwyt

© Omrop Fryslân
Twa autobestjoerders moasten sneintemiddei it rydbewiis ynleverje omdat se fierstente hurd rieden. Op de N982 by Ipekolsgea ried in 18-jierrige jonge út Ealahuzen goed 130 kilometer yn 'e oere, wylst er mar 80 ride mocht.
In 35-jierrige autobestjoerder út Drachten gie by St. Nyk sels noch wat hurder. Beide bestjoerders hawwe in proses-ferbaal krigen en koene it rydbewiis ynleverje.