Kondukteur bedrige

© Omrop Fryslân
In 63-jierrige ynwenner fan Bûtenpost is sneintejûn oanholden om't er in kondukteur bedrige hie. De man siet yn de trein fan Ljouwert nei Grins sûnder treinkaartsje en woe ek syn identiteitsbewiis net sjen litte.
Hy stapte op it stasjon yn Bûtenpost út. Dêr frege de kondukteur him nochris nei syn namme. De Bûtenposter bedrige dêrop de kondukteur. Mei help fan omstanners waard de fertochte tsjinholden oant de plysje kaam.