Berôving en bedriging Ljouwert

© Omrop Fryslân
In 24-jierrige frou út Ljouwert is sneintemoarn betiid berôve yn har wenplak. Twa manlju bedrigen har mei in mes. De frou moast har mobyltsje, jild en I-pod jaan. Dêrnei naaiden de beide fertochten út op in fyts.
Sneintemiddei yn Ljouwert hat de plysje in 23-jierrige ynwenner fan dy stêd oanholden foar mishanneling en bedriging. De man hie yn in wenning spul krigen en dêrby mei in jiskebak smiten en ien mei in mes bedrige.