Ferset tsjin skrassen kamera's

Plysjeminsken en kroegbazen wolle it kameratafersjoch yn Ljouwert net kwyt. Sy kinne har net fine it it foarstel fan boargemaster en wethâlders om de kamera's fuort te heljen. It gemeentebestjoer wol sa jild besparje.
Plysje en hoareka sizze dat de trije kamera's yn de binnenstêd it útgean yn Ljouwert feiliger makke ha. Sa binne meardere saken oplost mei de kamerabylden. De hoareka komt meikoarten yn aksje tsjin it foarstel.