Sutelaksje hast op oardel ton

Nei fjouwer wiken hat de sutelaksje fan de stifting It Fryske Boek in tuskenstân fan hast 150.000 euro. De hûs-oan-hûs ferkeap mei kroaden rint noch oant en mei 13 oktober.
Oarspronklik Fryske boeken as 'De Oerpolder' fan Hylke Speerstra en 'Skrik' fan Elske Skotanus dogge it goed by de ferkeap. By de oersette boeken is 'Harry Potter en de stien fan de wizen' ien fan de toppers.