Ljouwerter (18) mishannele

30 sep 2007 - 14:31

In jonge fan 18 út Ljouwert is sneontenacht mishannele yn syn wenplak. De jonge besocht in freon te helpen dy't klappen krige. Hy waard derop oanfallen troch fiif jonges.

De plysje koe ien fan de fiif oanhâlde. It giet om in ynwenner (20) fan Tsjummearum. Dy wist nei syn oanhâlding út te naaien, mar koe letter wer oppakt wurde. Hy is fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)