Boat stellen yn Molkwar

30 sep 2007 - 13:58

Fan in parkearplak by kamping 't Séleantsje yn Molkwar is dit wykein in boat stellen. De boat lei op in trailer, ek dy waard meinaam. In ynwenner fan Duisburg hat oanjefte dien fan de stellerij.

Ut it haventsje by de kamping waard in bûtenboardmotor stellen. Dy hong achter de boat fan in ynwenner fan Solingen. Ek hy hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)