Taskes stellen yn Ljouwert

30 sep 2007 - 13:38

De plysje siket in man dy't sneontenacht yn Ljouwert fan twa froulju it taske stellen hat. De man hat in negroide úterlik, in burd en syn hier yn in netsje.

De man pakte yn de Speelmanstraat de tas fan in frou út Apeldoorn ôf. Op de Oostersingel wie in frou út Ljouwert it slachtoffer. Yn beide gefallen brukte de dieder geweld en naaide er út op in fyts.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)