A6 nachts diels ticht
De A6 tusken De Jouwer en Emmeloord is de kommende wike nachts ôfsletten foar ferkear. Rykswettersteat moat ûnderhâldswurks oan de dyk dwaan. De A6 giet om acht oere jûns ticht en is moarns om seis oere wer iepen.
Ek in wike letter is de dyk ticht, dan fan moandeitejûn oant en mei tongersdeitejûn. Yn it tuskenlizzende wykein is de dyk nachts gewoan iepen.