Oanhâlden mei tefolle drank op

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht rûn om yn de provinsje fjirtjin automobilisten op de bon slingere. De fjirtjin hienen mear dronken as tastien is. Fan fjouwer waard ek it rydbewiis ynnaam.
It giet om ynwenners fan Aldhehoarne (20), Appelskea (28), Gytsjerk (37) en Minnertsgea (41). De lêste foel de plysje op omdat er by Menaam tsjin in beam riden wie.