Brânstifting Drachtster flat

30 sep 2007 - 13:10

De plysje fertinkt twa manlju fan brânstifting yn in berging fan in flat oan de Wielewalen yn Drachten. De brân soarge sneintemoarn betiid foar in soad reek. De measte bewenners wienen dêrtroch sels al nei bûten kaam. In lêste bewenner moast der troch de brânwacht úthelle wurde.

De twa fertochten, in bewenner (37) fan de flat en in man (31) út Houtigehage, binne fêstset op it buro. By de brân rekke nimmen ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)