Wer ferlies SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
De Sportklub Hearrenfean ferlear sneontejûn yn Rotterdam mei 2-0 fan Feyenoord. De earste helte wie folslein foar de thúsploech, mei doelpunten fan Makaay en Hofs. De Feansters hiene oanfallend gjin macht en it like wol of doarde de ploech net.
Yn de twadde helte mei it ynbringen fan Afonso Alves en Radoslaw Matusiak stie der in oar Hearrenfean yn it fjild. Doe wienen der wol kânsen, mar der foelen gjin doelpunten.