Goutumer achter fandalen oan

© Omrop Fryslân
In 41-jierrige ynwenner fan Goutum hat de plysje freedtenacht holpen by de oanhâlding fan in 16-jierrige fandaal út Weidum. De Goutumer hearde twa klappen en seach inkele jongeren fuort fytsen.
De man gie yn de auto achter de jonges oan. By de stopljochten fan Techum koe de Goutumer de Weidumer jonge pakke. De oaren naaiden út it lân yn, mar de plysje wit al wa't it binne. Yn Goutum hiene se spegels fan auto's skopt.