Ljouwerter driget mei nepwapen

© Omrop Fryslân
In 43-jierrige man út Ljouwert hat sneontemoarn betiid minsken bedrige mei in nepwapen. Yn in ytgelegenheid op de Grutte Heechstrjitte swaaide er mei it nepwapen en bedrige it persoaniel.
De plysje koe de man nei in tip fan in tsjûge oanhâlde. De man hie ek noch in saneamd 'balletjespistool' by him, sa die bliken by syn oanhâlding.