Auto yn 'e feart lâns A32

29 sep 2007 - 13:51

Op de A32 by Nes (B) is freedtejûn in 24-jierrige man út Stienwyk mei syn auto neist de dyk rekke. Hy wie mei syn autoradio dwaande doe't er sawat achterop in auto foar him ried.

As gefolch fan syn stjoerkorreksje rekke de auto fan de Stienwykster yn de slip en kaam yn de feart telâne. De man rekke net ferwûne en koe sels út de auto komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)