Tsjinslach foar pealsitters

© Omrop Fryslân
Al 2 fan de 6 dielnimmers oan it Frysk Kampioenskip Pealsitten yn Warns binne ôfstapt. Se wiene te wurch en te kâld om noch langer troch te gean.
Freedtjejûn stapten de dielnimmers op om it rekôr fan 60 oeren te ferbrekken dat fan 't simmer yn Kollum set waard. De organisaasje hopet dat it net noch hurder reinen giet. Dochs is it noch wol ferantwurde om troch te gean, sa seit de organisaasje. EHBO'ers hâlde de dielnimmers yn 't gaten.