Wolvegeasters út stellen

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan freed op snein yn Nijetrine fjouwer ynbrekkers oanhâlden yn de leeftyd fan 17 oant 'e mei 21 jier. Allegear komme se út Wolvegea.
In tsjûge seach de fjouwer manlju in bedriuwsterrein oprinnen oan de Pieter Stuyvesantwei. Mei help fan in plysjehûn waard de omjouwing ôfsocht. Twa fertochten waarden doe fûn, de oare twa melden harren letter sels by de plysje.