Auto mei bananen fan de dyk

29 sep 2007 - 10:35

Op de A32 fan It Hearrenfean nei Ljouwert ter hichte fan Wurdum is sneontemoarn in frachtwein fan de dyk rekke en yn de sleat telâne kaam.

De frachtwein is laden mei bananen en dy moatte oerladen wurde. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend. De sjauffeur kaam mei de skrik frij. It ferkear op it baanfak Hearrenfean-Ljouwert hat gjin hinder fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)