Brânzje wol ynfopunt toerisme

© Omrop Fryslân
Der moat in ynformaasjepunt komme foar minsken dy't plannen ha om yn Fryslân in toeristysk bedriuw op te setten. De brânzje-organisaasjes Hiswa en Recron pleitsje dêr foar.
Se fine dat bedriuwen mei plannen yn Fryslân net goed witte wêr't se harren plannen dellizze moatte. Sa koe it gebeure dat it attraksjepark Plopsaland net nei Fryslân kaam. Ek wolle de organisaasjes dat der minder regels komme foar de ûndernimmers.