Spoarbrêge Akkrum wer makke

© Omrop Fryslân
De spoarbrêge fan Akkrum is wer makke. Tsjin de klok fan fjouwer oere woe de brêge net mear ticht. Dat betsjutte fertraging foar de treinreizgers.
De oarsaak is noch net bekend. Spoarbehearder Prorail makke earder freed bekend dat in tal ynstellings fan de spoarbrêge fan Akkrum oanpast wurde sille. Dat wurdt dien om't de ôfrûne tiid de brêge al foar mear problemen soarge hat.