Wer jûnsfleanen basis Ljouwert

De piloaten traine foar útstjoering nei Afghanistan
Op de fleanbasis yn Ljouwert wurdt moandei wer fan start gien mei it jûnsfleanen. Dit fynt plak op moandeis en tiisdeis oant alve oere.
It jûnsfleanen sil duorje oant ein fan dit jier. De F16-fleaners fan de basis yn Ljouwert moatte oefenje at it tjuster is, omdat dit yn oarlochssituaasjes ek in protte foar komt. De apparatuer kin bygelyks dan pas goed útprobearre wurde.