Start projekt Drachtsterfeart

De proefsleuf yn it sintrum fan Drachten
Der is freedtemoarn in begjin makke mei it útgraven fan de Drachtsterfeart yn it sintrum fan Drachten.
It bedriuw dat de dyk útgraaft en de feart oanleit makke in proefsleuf om te sjen hoe't it grûnwetter ûnder de dyk reageart. Mochten der no problemen komme, dan kin der no al rekken mei hâlden wurde. It echte útgraven set takom jier útein.