Spanning by âlders militêren

Tietie Wijbenga fan Gytsjerk hat trije soannen dy't militêr binne. Twa sitte noch yn Uruzgan, de tredde is krekt wer werom.
By mem Wijbenga nimt de spanning mei de dei ta. Hoe mear der fochten wurdt yn Afganistan, hoe grutter de stress yn Gytsjerk. Tongersdei die se har ferhaal op in diskusjejûn oer de missie nei Afganistan. De jûn waard organisearre troch sintrum Tûmba.