Casal mooglik nei Cambuur

Kriget Cambuur een nije spiler?
It liket der op dat Cambuur de Nigeriaanske spiler Casali Yinka Casal oanlûke sil. Casal hat twa staazjes dien by Cambuur en club sjocht wol wat yn de linkspoat, dy't útkomt foar it Olympysk alvetal fan syn lân.
Technysk manager Peter de Roo sil de ûnderhannelings iepenje mei de saakwaarnimmer fan Casal. Hy hat op dit stuit gjin club, mar spile earder foar it Ingelske Fulham en kaam út yn de Amerikaanske kompetysje.