Skipfeart: brêge Drylts ticht

27 sep 2007 - 14:33

De brêge yn it sintrym fan Drylts kin noch seker in pear dagen net iepen foar skippen. De brêge oer de Geeuw rekke woansdei bûten gebrûk, omdat der in lager stikken is. Omdat it in âlde brêge is, kin sa'n lager net maklik ferfongen wurde, miskien pas nei it wykein.

Oant dy tiid kinne skippen better in oare rûte kieze. Auto's, fytsers en kuierders kinne wol gewoan oer de brêge yn Drylts.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)