IVN en SBB jouwe natuerles

© Omrop Fryslân
Skoalbern krije lessen oer de natuer fan Steatsboskbehear en IVN. Beide organisaasjes wurkje gear yn in jeugdedukaasjeprojekt.
By IVN jouwe frijwilligers foarljochting. Steatsboskbehear beheart natuergebieten. Der waard al gearwurke op lokaal nivo. No is der yn de Stellingwerven in proefprojekt. Bern krije dêr fan boskwachters en IVN-frijwilligers op boartlike wize mear te witten oer de fjoerflinter.