Fytspaad Leechlân noch ûnwis

27 sep 2007 - 10:00

Der is noch lang gjin jild foar in nij fytspaad troch it Leechlân tusken Warten, Wergea en Grou. Dat die bliken op de riedsgearkomste fan Boarnsterhim. Alle partijen wolle dat fytspaad graach, mar se giene net akkoart om it jild derfoar te brûken dat ornearre wie foar it swimbad yn Grou.

Der moat gau in beslút komme om't der subsydzje beskikber is as de gemeente begjin 2008 mei it wurk útein set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)