Langer thús wenje foar âlderen

© Omrop Fryslân
De doarpen yn noardeast-Fryslân krije bettere foarsjennings. Korporaasje Thús Wonen wurket oan in proef wêryn soarch makliker tagonklik makke wurdt foar âldere minsken. Sa hoege minsken út Broeksterwâlde bygelyks net mear nei it sikehûs fan Dokkum foar lytse yngrepen mar kinne se yn it eigen doarp holpen wurde.
Thús Wonen wurket gear mei it sikehûs fan Dokkum en thússoarch Het Friese Land.