Jild foar doarpen It Bilt

© Omrop Fryslân
De gemeente It Bilt komt mei in doarpenfûns fan 100-túzen euro. De sân doarpen yn de gemeente ha al in eigen doarpsfisy makke of binne der mei dwaande. De doarpen kinne mei help fan dy fysje sels projekten betinke en dêrfoar in berop dwaan op it nije fûns.
De gemeente betinkt op dizze wize net op ôfstân wat goed is foar it doarp, mar lit dat oer oan de doarpen sels.