Stroomsteuring treft Ljouwert

© Omrop Fryslân
Sa'n túzen húshâldings yn Ljouwert ha woansdeitejûn goed oardel oere sûnder stroom sitten. It gie om de wiken Heechterp, it sintrum en it gebiet om de Grinzerstrjittewei hinne. Enerzjybedriuw Essent sprekt fan in spontane kabelsteuring.
Nei alle gedachten is der in probleem mei in transformator. It grutste diel fan de troffen Ljouwerters hie om healwei alven wer stroom. By de rest wie it om ien oere nachts wer klear.