Gjin ferhuzing hynsteconcours

© Omrop Fryslân
It Concours Hippique yn Bûtenpost kin ek yn 'e takomst op it besteande eveneminteterrein yn Bûtenpost bliuwe. It sportive evenemint drige te ferdwinen fan it Mejontsmaterrein omdat it folboud wurde soe. Mar de gemeente Achtkarspelen hat besluten de plannen oan te passen. nop wurdt inkeld oan 'e râne fan it terrein boud. Dêrtroch bliuwt der genôch romte oer foar it concours en foar oare eveneminten.