Lestige Poalen húskepark útset

© Omrop Fryslân
Fakânsjepark Yn 'e Lijte yn Grou hat tiisdei tsien Poalen it park útset. De groep hie dit wykein foar oerlêst soarge yn it doarp. Twa fan harren soene dingen fernield hawwe.
De Poalen wiene noch mar koart yn it park. Se hiene earder al in warskôging krige foar harren hâlden en dragen. Sa makken se in protte leven en dronken se in soad. Foar de direksje fan it park wie mei it foarfal fan dit wykein de maat fol.