ONS Snits tsjin FC Zwolle

© Omrop Fryslân
Amateurclub ONS Snits nimt it woansdei op tsjin betellefuotbalclub FC Zwolle. Dat fynt plak yn 'e twadde ronde fan it nasjonale bekertoernoai. Ferline jier ferlear ONS yn deselde ronde fan Jong AZ. No treffe de Snitsers in tsjinstanner út de earste divyzje.
ONS Snits is de iennige Fryske amateurclub dy't noch meidocht. Neffens fise-foarsitter Harm de Wagt is it tige ynteressant om diel te nimmen oan sa'n bekertoernoai.