Nij webstek Smellingerlân

26 sep 2007 - 14:41

De gemeente Smellingerlân krijt in nije ynternetside. Nij op 'e side is ûnder oare dat de ynformaasje te finen is ûnder fjouwer kopkes: wenjen, wurkjen, rekrearjen en ûndernimmen. Ek sil boargemaster Middel alle wiken in bydrage op 'e side sette. It is de tredde kear dat de gemeente de webside fernijt. De lêste kear wie yn 2004. De nije webside giet takom moandei de loft yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)