Lestige treinpassazjier oppakt
De plysje hat tiisdeitejûn yn in trein op it stasjon fan It_Hearrenfean in 49-jierrige man út Zwolle oanhâlden. De man hie in tal passazjiers lêstich fallen. Doe't de kondukteur der wat fan sei, luts de man in mes en begûn er dêrmei te driigjen.
De man is fêstset op it plysjeburo. It foarfal wurdt noch neier ûndersocht.