Oertreders: rydbewiis kwyt

26 sep 2007 - 10:31

In automobilist (28) út Tsjummearrum moast tiisdei syn rydbewiis ynleverje nei't er by syn wenplak trapearre wie op te hurd riden. De man hie 132 kilometer op 'e teller te stean, wylst 80 kilometer yn 'e oere dêr tastien is.

In frou fan 49 út Harns wie tiisdei ek de klos. De plysje kaam har oer it mad, doe't se mei tefolle drank op har auto bestjoerde. De frou foel op omdat se mei de ljochten út ried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)