Seemuorre Harns wurdt ophege

25 sep 2007 - 22:30

De seebeskermingsmuorre yn Harns wurdt foar 34 miljoen euro oanpakt. It stik tusken de kearslûs en de suderpier foldocht net oan 'e easken en is dus eins net feilich. Mei jild fan it Ryk, it wetterskip en de gemeente sil der de kommende jierren wat oan dien wurde.

Earder hawwe it Wetterskip en it Ryk ek al de wetterkearings fan Skylge en Flylân omheechbrocht. De muorre by Harns moat yn 2010 klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)