Fryske aksje tsjin Breezers

25 sep 2007 - 21:29

In bus fol Fryske politisy reizget ynkoarten nei Den Haach om te easkjen dat Breezer út de supermerk helle wurdt. It is ien fan de aksjes út it plan fan oanpak om alkoholmisbrûk troch jongeren tsjin te gean.It plan is makke troch de Provinsje, de Fryske gemeenten en sûnensorganisaasjes.

Nij ûndersyk moat útwize wat effektyf is yn de striid tsjin alkoholmisbrûk troch pubers. Ek wurdt praat oer in kollektyf slutingstiidbelied.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)