Ljouwert jout belesting werom

25 sep 2007 - 19:01

Ljouwert moat alle baatbelesting werombetelje. De Hege Ried hat útsprutsen dat it opknappen fan de binnenstêd net safolle oplevere hat foar de ûndernimmers dat sy dêr oan meibetelje moatte. Dat kostet de gemeente 1,4 miljoen euro.

De gemeente hat yn 1999 besletten dat ûndernimmers yn it sintrum meibetelje moatte oan it oanknappen fan it gebiet. Guon binne in rjochtsaak begûn tsjin dat beslut, en mei súkses.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)