Prager ferfangt Roorda
Hearrenfeanspiler Geert Arend Roorda docht woansdei net mei yn de bekerwedstriid tsjin Argon. De Noardburgumer hat in blessuere oan syn ljisk. Hy foel ôfrûne snein út yn de wedstriid tsjin FC Utrecht.
Roorda wurdt ferfongen troch de Eastenriker Thomas Prager. Dy foel snein yn de twadde helte ek al yn foar Roorda.