Fryske manlju drinke mear

Jongeren drinke mear en begjinne earder. Benammen Fryske manlju tusken de 19 en 24 jier drinke faker en mear per kear. Wat drankgebrûk oangiet, drinkt ien op de tsien yn dizze leeftydsgroep 'ûnferantwurde'. Dat is mear as 21 glêzen yn de wike.
De GGD pleitet dêrom foar in stranger alkoholbelied. Alkohol op jonge leeftyd hat effekt op de ûntwikkeling fan de harsens. Ek kinne geweld en alkoholfergiftiging it gefolch wêze.