Goeie ferwachtings fan Ploumen
It gewest Fryslân fan de PvdA tinkt dat de nije lanlik foarsitter Lilian Ploumen har foaral op de gewesten rjochtsje sil en minder op de lanlike PvdA-bolwurken yn Den Haag en Amsterdam. Dat seit âld-sekretaris en âld-Twadde Keamerlid Joop van den Berg fan it gewest Fryslân.
Van den Berg hat nau belutsen west by de kampanje fan âld-deputearre Bertus Mulder om de nije foarsitter fan de PvdA te wurden.