Moarnsbrochje yn Achtkarspelen

25 sep 2007 - 11:20

Ynwenners fan Achtkarspelen kinne tenei alle jierren in moarnsbrochje ite mei it kolleezje fan B&W. De gemeente organisearre goed in wike lyn sa'n moarnsbrochje op de oprit fan it gemeentehûs. De kolleezjeleden bakten aaien en der wiene broadsjes.

It inisjatyf wie bedoeld as startsein fan Nationale Burendag. No is besletten der in tradysje fan te meitsjen, om't in soad gasten dêrom fregen. Der kamen in 70 minsken op ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)